EK fan JK

In list mei allegear lannen dy’t mei dogge oan it EK, in hurde wyn en in protte ferklaaide keatsers wie it dekôr fan in prachtige keatsmoarn.

By de lytste bern (kabouters) wienen der fjouwer keatsers. It moaie hjir wie dat eltsenien in priis hie. Winner wie Brent Tinga, hy wist noch krekt Tjitte Reitsma foar him te hâlden. De tredde en fjirde priis wienen foar Ineke Reitsma en Rikst Mulder. Bij de tuskengroep (groep B) wie it Portugal mei de keatsers Wiepkje van Dijk en Hendrik Wiedijk dy’t harren heit op heitedei ferrasse koenen mei in krâns oan de muorre. It keatsen is al krekt as by it fuotbaljen want hjir koe Nederlân har ek net by de earste twa pleatse. De twadde priis wie foar Denemarken mei Anton Fopma en Jilke Dijkstra dy’t de twadde priis foar de noas fan Nederlân mei Rutger Mulder en Hester Reitsma ôfpakte. As fjirde einige Dútslân mei Willem Reitsma en Redmer Rozendal. Sy joegen hieltyd goed partij mar lutsen hieltyd oan it koartste ein. De âldste groep keatsten hiel spannend. Der wienen fjouwer partoer. Nei twa omlopen hie eltsenien in kear ferlern en in kear wûn. Dus yn de tredde omloop moast de beslissing falle. De earste priis gie nei Ruslân mei Jurrian Tolsma en Riemy Reitsma. Sy hellen oer trije omlopen 1 earst mear as Polen mei Bregt Arendz en Marten de Jong. Al mei al wie it in tige slage EK (yn tsjinstelling ta it echte EK). De priis foar de moaist en bêst ferklaaide keatser gie noch nei Rutger Fopma dy’t syn oranje overal ut de kast helle hie. Graach sjogge wy jim wer by it strjitkeatsen.

Geplaatst op 18 June 2012